Brune float op Eastsee ûnwis

12 jan 2012 - 12:36

Fryske rederijen mei charterskippen op de Eastsee moatte foar it tredde jier op rige in part fan de passazjiers ta trainees beneame. Dat binne in soarte stazjêres. Allinnich sa is it mooglik om ûnder de strange regels út te kommen yn Dútslân en Denemarken foar passazjiersskippen op see.

De easken binne net makke foar de âlde sylskippen dy't no brûkt wurde. Dêrom falt der net mei te wurkjen. Skippers binne benaud foar de autoriteiten. Mooglik kin it de ein fan it bedriuw betsjutte. No al wolle banken guon rederijen gjin jild mear jaan foar ynvestearrings.

No al wolle banken guon rederijen gjin jild mear liene foar nije ynvestearrings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)