Subsydzje VNN ferlingd

12 jan 2012 - 10:32

De oanpak fan de problemen dy't jongerein op It Hearrenfean feroarsaket troch drugsgebrûk krijt in ferfolch. De gemeente ferlingt dêrfoar de subsydzje oan Verslavingszorg Noord Nederland. Dy hat earder de problemen troch jongeren yn kaart brocht en hâldt sûnt fan 't hjerst sprekoere yn jongereinsintrum Casa.

Dêrneist wurde yn gearwurking mei Sportstêd Hearrenfean aktiviteiten organisearre om probleemjongeren nei skoalle of oan it wurk te krijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)