Man lit saakje sjen oan bern

© Omrop Fryslân
Yn in park oan de Molenstrjitte yn Ljouwert hat in man woansdei syn geslacht sjen litten oan boartsjende bern. Hy lokke de bern mei snobbersguod nei in hut en die dêr syn broek omdel. Ien fan de bern warskôge syn âlden, dy't de plysje bellen. It jonkje koe goed fertelle hoe't de man derút seach en yn wat foar auto oft er ried.
Mei help fan de dielnimmers oan Boargernet koe de plysje de 28-jierrige Hallumer letter yn syn hûs oanhâlde. De âlden fan de bern hawwe oanjefte dien. De man sit noch fêst.
Yn in winkel op it winkelpark De Centrale yn Ljouwert is woansdeitemiddei ek in man oppakt dy't oan himsels siet.
Hy is oppakt foar it skeinen fan de earberens.