Plan foar opfolger Mercurius
Yn Ljouwert komt mooglik in nije lokale omrop. Dy soe de opfolger wurde moatte fan Mercurius, dat op 15 febrewaris de studio tichtdocht fanwege jildkrapte.
Neffens de inisjatyfnimmers soe in nije omrop helber wêze by better finansjeel belied. Se wolle meikoarten mei de polityk oerlizze en hawwe in oprjochtingsgearkomste útskreaun foar 21 jannewaris.