Gjin flugge boat nei Flylân

Fearboat © ANP
De flugge boat nei Flylân fart tongersdei oan it ein fan de middei net fanwege de ferwachte waarsomstannichheden. Rederij Doeksen lit de boaten fan healwei seizen fan Harns nei Flylân ferfalle, de boat dy't fan Skylge nei Flylân fart en de boat fan sân oere fan Flylân werom nei Harns. De gewoane boat fart dêrom in kear ekstra. Der wurdt tongersdei op it Waad in stoarmeftige wyn ferwachte.