Miljoenen foar Biltske kampus

Gemeente It Bildt
De provinsje is ree om 2 oant 3 miljoen euro te stekken yn de nije ûnderwiiskampus op It Bilt. De bou fan de kampus yn Sint Anne komt dêrmei in wichtige stap tichteby. De kampus moat plak jaan oan de 700 learlingen fan de skoallemienskippen yn it doarp.
Bedriuwen út de buert dogge ek mei, om staazjeplakken en banen oan te bieden foar de learlingen. Oan it plan wurdt al hast 4 jier wurke. Meielkoar is der 14 miljoen euro nedich, mar oant no ta wie der in gat fan 4 miljoen.