Twifels oer sifers Europaplein

Bewenners fan de huzen en flats oan it Europaplein yn Ljouwert hawwe grutte fraachtekens by de ferkearsmjittings fan de gemeente Ljouwert. Dat die bliken by in drok besochte ynformaasjejûn fan de wykorganisaasje woansdei.
Gemeentlike sifers litte sjen dat der deis wol 36.000 auto's oer de rotonde komme. Bewenners hawwe sels ek oan it tellen west en komme op 10.000 minder. Fierder binne in soad bewenners benaud dat se aanst dreech mei de auto út har buert komme kinne. De gemeente wol it Europaplein opnij ynrjochtsje, mei minder ôfritten.