Dútse ynvestearring yn Paques

11 jan 2012 - 16:59

It Dútske ynvestearingsbedriuw SKion GmbH nimt in oandiel fan 20 prosint yn it Fryske wettertechnologybedriuw Paques fan Balk. Dermei kriget it Dútske bedriuw in sit yn de Ried fan Kommissarissen fan Paques. Direkteur Rob Heim fan it Balkster bedriuw is wiis mei de nije oandielhâlder. Sa kin it bedriuw in sterkere merkposysje krije yn de wichtige Dútske merk, mar ek yn groeimerken lykas Brazilië en Yndia.

Trefwurden: 
Paques
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)