Siem Jansen foarsitter Zienn

Siem Jansen
Siem Jansen is de nije foarsitter fan de ried fan tafersjoch fan opfangorganisaasje Zienn. Hy is dit jier Klaas Dankert opfolge. Jansen wie earder deputearre by de provinsje Fryslân en bestjoerslid fan ROC de Friese Poort. Hy is no direkteur fan de NOM. De ried fan tafersjoch hâldt de bestjoerlike, finansjele en ynhâldlike gong fan saken yn de gaten.