Led-lampen oan provinsjale dyk

Led-ferljochting
De provinsjale diken wurde tenei ferljochte mei led-lampen. De provinsje ferfangt fan healwei dit jier ôf de ferljochting. Mei de ledlampen wurdt it enerzjyferbrûk mei de helte werombrocht. It giet om 50.000 euro. Dêrneist wurdt ek noch besparre troch in tal lampen fuort te heljen. Dat wurdt dien yn oerlis mei de omwenners. De provinsje hat hast 6.000 lantearnepeallen oan de diken. It ferfangen fan de ferljochting kostet 2,5 miljoen euro.