Skoalle Bontebok moat ticht

11 jan 2012 - 14:25

It kolleezje fan Hearrenfean stelt foar om de basisskoalle fan Bontebok per 1 augustus te sluten. De ferwachting is dat de skoalle op dy datum noch mar 21 learlingen hat. Dat is twa te min om oan de noarm fan 23 te foldwaan. De gemeenteried nimt 6 febrewaris in beslút. Yn dy gearkomste prate se ek oer de húsfesting fan in tal oare skoallen yn de gemeente. Foar de Commanderije en de Akker moat yn 2014 nije akkommodaasje realisearre wurde. De Letterbeam moat dit jier ferhúzje nei it gebou fan de Kempenaer.

Trefwurden: 
basisskoalle Bontebok
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)