Flater by fergunning Kanaal 30

11 jan 2012 - 14:20

By it ferlienen fan in fergunning oan Kanaal 30, de lokale omrop fan Tytsjerksteradiel, om ek yn Achtkarspelen út te stjoeren is in proseduereflater makke. Neist Kanaal 30 makke ek streekomrop RTV Noardeast Fryslân kâns op it krijen fan in eterfrekwinsje yn Achtkarspelen. Ferline jier ha alle belutsen gemeenten apart in advys útbrocht op de fraach oft de twa omroppen wol oan de easken fan de mediawet foldogge. Achternei hiene se dat mienskiplik dwaan moatten. At it nije advys binnen is, sil it Commissariaat voor de Media opnij in beslút nimme oer de fergunning.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)