Haven Harns hat goed jier hân

11 jan 2012 - 12:29

De haven fan Harns hat yn 2011 in goed jier hân. De oerslach is tanaam mei 24 persint, wylst yn 2010 noch sprake wie fan in delgong. De wichtichste reden foar de groei is dat der folle mear sân, grint en sâlt oerladen is. Ek it tal kontainers dat fia de haven ferladen waard, naam ta. De gemeente hopet dat de groei mear bedriuwen nei de haven lûkt. Der is noch 26 bunder lân beskikber foar nije bedriuwen.

By de brune float yn Harns gie it minder. De 70 skippen krigen sa'n seis prosint minder passazjiers.

Trefwurden: 
Harns Haven
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)