Naomi wrâldkampioen line-dance
Naomi Zijlstra is yn Amearika wrâldkampioene line-dance wurden. It achtjierrige famke út Harns waard earste yn de klasse Pro-am Novice. It is hiel bysûnder dat Nederlânske dielnimmer wrâldkampioen wurden is, om't dizze klasse yn Amearika hiel grut is. Meastentiids wint ien út Amearika. Naomi dûnset no twa jier.