Man pakt foar ynbraak en drugs

Plysje-embleem © ANP
De plysje hat sneintenacht in 39-jierrige Ljouwerter oanholden foar drugsbesit en poging ta ynbraak. De fertochte hie oant twa kear ta besocht de doar fan in wenning yn de Carlierstrjitte yn Ljouwert te forsearjen. De bewenster hie him betrape en warskôge de plysje. Dy seach de man rinnen yn de Familie van der Weijstrjitte. Hy waard oppakt.
By it fûillearjen fûn de plysje soft- en harddrugs. De drugs en in grut jildbedrach binne yn beslach naam. De Ljouwerter sit fêst op it buro.