Frjentsjer wol fan sporthal ôf

10 jun 2013 - 07:54

Boargemaster en wethâlders fan Frjentsjerteradiel wolle sporthal De Trije privatisearje. It foarstel wurdt op 20 juny yn de gemeenteried behannele. De gemeente moat no jild talizze op De Trije. De kommende tiid bepaalt de gemeente de betingsten foar ferkeap fan de sporthal.

Der moat ek útsocht wurde wat de oergong betsjut foar it personiel en de sportferienings dy't gebrûk meitsje fan De Trije. Wannear't dat dúdlik is, begjint de ynskriuwproseduere. Neffens wethâlder Twerda duorret dit goed in heal jier.

Trefwurden: 
Frjentsjer De Trije
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)