Zwart 'Baas fan de Wâlden'

Kuorballer Erwin Zwart mei him in jier lang de bêste skutter fan Fryslân neame. Op sportpark De Kamp yn Aldegea Smellingerlân wûn de topscorer fan LDODK snein it earste Fryske 1 tsjin 1 kampioenskip mei de namme De baas fan de Wâlden. Erwin Zwart wûn yn in rjochtstreeks finaleduel yn de toppûl mei 6-0 fan syn broer André. It tredde plak wie foar Jan Visser.
Yn de regiopûl wie de titel foar Sander Visser fan kuorbalferiening VKC út Sigerswâld. Hy wie yn de finale syn ploechgenoat Tjeerd Bakx de baas.
Kuorbalferiening Quick '21 organisearre foar de earste kear it Fryske 1 tsjin 1 kampioenskip. Yn in toppûl en in regiopûl gongen spilers 45 tellen lang de striid mei-inoar oan. Trochdat der spile waard yn in lytser fjild en doelpunten net ôfkard wurde koenen om't se ferdigene wienen, ûntstie der in fluch en attraktyf spul.
De organisaasje sjocht werom op in tige slagge earste edysje, dy't rekkenje mocht op sa'n 300 besikers. Der is no al in tasizzing foar in ferfolch takom jier.