Van der Bos kening yn Stiens

It partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger kin wer in oerwinning byskriuwe op harren listje. It trio wûn snein foar de 39e kear in frije formaasje haadklasse keatspartij. Yn Stiens yn de finale wiene se mei 5-5 en 6-2 te sterk foar Johan van der Meulen, Renze Pieter Hiemstra en Hylke Bruinsma.
De tredde priis wie foar it partoer fan Hendrik Tolsma, René Anema en Thomas van Zuiden, dy't yn de heale finale mei 5-3 en 6-6 ûnderút gongen tsjin Van der Bos.
Gert-Anne van der Bos waard ta kening útroppen. Yn de keatsskiednis hat it partoer fan Sake Saakstra, Piet Jetze Faber en Johannes Brandsma 41 frije formaasje oerwinningen helle.