Swier ferwûne op Skier

De fjoertoer fan Skiermûntseach © ANP
In man fan 29 út Rotterdam is sneontemiddei swier ferwûne rekke op Skiermûntseach. De man waard neist syn fyts fûn troch in foarbygonger. Dat wie op it Vuurtorenpad. De man wie doe út de tiid en hie flinke ferwûnings oan 'e holle. Hy is letter wol bykaam. De traumahelikopter hat him nei it UMCG yn Grins brocht.
Nei alle gedachten is de man mei syn fyts fan it fjoertoerdún riden en dêrby de macht oer it stjoer kwytrekke. Hy bedarre dêrnei mei it gesicht op in skelpepaad.