Kjeld spulbrekker by ljeppen

08 jun 2013 - 22:54

It fierljeppen yn Winsum hie bot te lijen fan de kjeld en de wyn. De measte ljeppers kamen net ta grutte prestaasjes. Topklasser Bart Helmholt wie de iennige dy't oer de 19 meter kaam. Hy wûn mei 19.46, foar Ysbrand Galama mei 18.78. Oane Galama pakte mei 18.42 it brûns. Thijs Hiemstra fan Snits wûn ferrassend by de junioaren mei in nij pr fan 17.63. By de jonges wie Bobby Zwaagman fan Drylts oppermachtich mei 17.53. Hilianne van der Wal út Burgum pakte har earste deititel by de froulju mei 14.31.

(advertinsje)