Ariëns en De Vries kampioen

08 jun 2013 - 21:34

Crispijn Ariëns en Elma de Vries ha sneon de nasjonale titel op de maraton by it skeelerjen wûn. Yn Veendam wûnen beide mei oermacht. Wolvegeaster Ariëns, yn 2011 ek de bêste, ried fier foar Rick Smit en Gary Hekman solo oer de einstreek.

Elma de Vries pakte har achtste titel. De âld-ynwenster fan De Haule hie ien rûntje (800 meter) foarsprong op it hiele fjild. Lisanne Buurman waard twadde, Carla Zielman tredde

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)