Dijkstra wint Moarre-Ljussens

Keatsen © Aise van Beets, Omrop Fryslân
De haadklassekeatspartij trochinoar lotsjen yn Moarre-Ljussenss sneon in proai wurden foar it partoer fan Jelte-Pieter Dijkstra, Taeke Triemstra en Hans Wassenaar. Yn de finale wie it trijetal mei 5-1 en 6-6 te sterk foar Peter van Zuiden, Folkert van der Wei en Pier Piersma. De lytse preemje wie foar Pieter Bakker, Marten Feenstra en Tjisse Steenstra.