'Konstruksje flat ynoarder'

08 jun 2013 - 17:43

Der kin gewoan wenne wurde yn in appartemintekompleks De Noorderpoort yn Drachten, neidat dêr oan it begjin fan de middei de beklaaiïng fan in gevel nei ûnderen fallen is. Dat sizze de gemeente en behearder Hoekstra.

Neffens harren mankearret der neat oan de konstruksje fan it gebou. Nei alle gedachten hat in skuor yn de muorre de oarsaak west dat der in stik fan tsien by tsien meter mitselwurk nei ûnderen kaam is. De skuor soe nije wike makke wurde, nei in ynspeksje dizze wike.

Neffens de bewenners is al folle langer omtinken frege foar de skuor, mar dêr waard net op reageard. By it ûngelok is nimmen ferwûne rekke, ek al omdat in grut tal minsken op it lêste momint fuortspringe koe.

Trefwurden: 
Drachten flat Noorderpoort
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)