Amsterdam as earste binnen

08 jun 2013 - 17:34

Harry Amsterdam is sneon as earste oer de einstreek kaam fan de Schuttevaerrace. Dat wol net sizze dat syn team ek de winner wurden is. Foardat dat bekend is, moat der noch flink rekkene wurde. Dêrby wurdt ek sjoen nei de resultaten fan it hurdfytsen en hurdrinnen dat de dielnimmers ûnderweis dwaan moasten.

De Schuttevaerrace begûn freedtemoarn om njoggen oere yn Starum. De dielnimmers finishten dêr ek wer. Underweis waard ûnder oare Teksel, Flylân en Skylge oandien. De lêste dielnimmers wurde jûn om sawat healwei alven ferwachte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)