Greidefûgels kinne nei Jorwert

Ljip © Omrop Fryslân
De greidefûgels dy't by Ljouwert net mear te plak kinne, kinne nei Jorwert. De fûgels moatte wike foar de oanlis fan de Heak en de ûntwikkeling fan de wyk de Súdlannen. Trije boeren yn Jorwert wolle de grûn sa ynrjochtsje dat it oantreklik wurdt foar de greidefûgels. Se ha dêroer oerienstimming berikt mei de provinsje. Der moat goed 180 bunder grûn kompenseard wurde. Dêrfan is no goed 160 realisearre. Oer de rest fan de grûn wurdt noch ûnderhannele.