Tsjûgen socht fan berôving
In frou (48) út Sint Jabik is moandeitejûn yn Stiens berôve. Se rûn jûns om 7 oere yn de Gysbert Japicxstrjitte doe't har tas fan it skouder lutsen waard. De dieder is in slanke man yn donkere klean. Hy draafde fuort mei de tas. Krekt dêrfoar wie it slachtoffer in oare frou tsjinkommen. De plysje wol graach yn kontakt komme mei dizze frou. Ek oare minsken dy't mooglik wat sjoen hawwe wurde frege dat te melden.