Twa himpkwekerijen op It Bilt

Himp © ANP
De plysje hat tiisdei op It Bilt op twa plakken hennepkwekerijen oprôle. Yn in hûs oan de Aldebiltdyk binne moarns goed 200 planten fûn en middeis is it selde oantal oantroffen yn in hûs oan de Nijebiltdyk. Dêr binne ek twa manlju (30 en 59) oppakt. Ien fan har wie de bewenner. By beide kwekerijen wie knoeid mei de elektrisiteit. De planten en apparatuer yntusken ferneatige.