Alde frou ferwûne by brân
In frou (97) út Harns is tiisdei ferwûne rekke by in brân yn har hûs. Dy wie troch noch ûnbekende oarsaak yn de ferwaarming. Buorlju seagen reek en warskôgen de helptsjinsten. Doe't dy by it hûs kamen, wie it fjoer al hast wer út. De frou hie safolle reek binnen krigen dat se nei it sikehûs yn Snits moast.