Skea fan plannen Europaplein

11 jan 2012 - 08:29

Undernimmers om it Europaplein yn Ljouwert hinne ferwachtsje dat se skea krije fan de plande oanpassings. Der soene dan minder ôftakkings komme en dêrtroch is ûnder oare it Europahotel minder berikber. De Euterpestrjitte soe krekt folle drokker wurde, wylst dêr in oantal skoallen is.

Woansdeitejûn is der in ynformaasjegearkomste foar de buert. Dêr sille ek riedsleden wêze om te hearren hoe't de plannen libje. Nije wike praat de riedskommisje oer de plannen en dêrnei nimt de gemeentereid it definitive beslút.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)