Minister: gjin ynset Sionsberg

© Omrop Fryslân/Remco de Vries
Minister Edith Schippers sil har net ynspanne foar it behâld fan sikehûs De Sionsberg yn Dokkum. Dat antwurdet de minister fan folkssûnens op fragen fan de SP-fraksje yn de Twadde Keamer. Dy fynt dat yn de streek in folweardich sikehûs mei folsleine tsjinstferliening bliuwe moat.
Schippers seit dat it De Sionsberg al in skoft net slagget om de soarch fan tal fan basisprosessen op in ferantwurd peil te hâlden en dat mei troch jildgebrek keazen is inkele ôfdielings te sluten. Se fynt dat der foldwaande soarch yn de buert is en dat in sikehûs stopje moat mei soarch dy't it net goed ferliene kin.