Griene stroom yn haven Harns

10 jan 2012 - 19:10

De haven fan Harns draait sûnt 1 jannewaris hielendal op griene stroom. Alle wâlstroom dy't skippen brûke, alle havenkranen en alle kantoaren wurkje no op griene stroom dy't yn de buert opwekt wurdt. Harlingen Seaport hat in kontrakt sletten mei Waddenstroom, dat griene stroom fan wynmolens en sinnepanielen by boeren lâns de Waadkust levert. De haven is no de grutste ôfnimmer fan Waddenstroom. Uteinlik wol de haven hielendal grien wurde.

Trefwurden: 
waddenstroom haven seaport
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)