Besite skoaldireksjes Karaïben

Bern yn basisskoalle © ANP XTRA
De skoallen fan ûnderwiisgroep Primus yn Skarsterlân hawwe de kommende dagen fiif direkteuren fan basisskoallen fan de Karaïbyske eilannen Saba en St. Eustatius oer de flier. Beide eilannen binne sûnt 2010 bysûndere gemeenten fan Nederlân en dat betsjut dat de Nederlânske ûnderwiiswetten ek op dy eilannen jilde. De ferskillen tusken de skoallen hjir en dêr binne lykwols grut en dan giet it om organisaasje, ûnderwiis en resultaten.
Om de saak wat tichter byelkoar te bringen hat de minister jild beskiber steld foar ûnder oare ûnderwiismateriaal, wurkbesites en in coach.
Nienke Deelstra fan De Jouwer wennet tydlik op St Eustatius om de skoallen yn dat proses te begelieden.