Gjin bikedispenser Goutum mear

De bikedispenser by Goutum is bûten gebrûk. De automatyske fytsestalling dy't ferline jier yn gebrûk nommen is fertoande tefolle technyske problemen. Boppedat gie de leveransier fallyt. De gemeente hat in skeaclaim yntsjinne by de kurator. It systeem wurdt ferfongen troch fytsklúskes, dy sille yn april yn gebrûk nommen wurde. Der is plak foar 30 fytsen, dat is 20 minder as no.
De fytsestalling stiet op it parkearplak oan de Boksumerdyk tsjinoer de Mac Donald's. Dêr is plak foar 54 auto's.