Firusútbraak Fryslân falt ta

10 jan 2012 - 12:38

It tal feebedriuwen yn Nederlân mei it Schmallenberg-firus is sûnt moandei omheech gien nei 52. Dat lit de Voedsel en Waren Autoriteit witte. Yn Fryslân bliuwt it by de trije bedriuwen dêr't earder al fan bekend waard dat se it firus hawwe, by fiif wurdt noch ûndersyk dien. Trije fan dy fiif binne bedriuwen mei kij. It firus soarget dat benammen lammen skeind berne wurde en dêrnei gau dea gean.

Grut skieppeboer Jehan Bouma fan de Lammesprong yn Aldeboarn makket him gjin soargen omdat er der net in soad tsjin dwaan kin.

Boppedat hat er de raam pas no by de skiep en dat soe de kâns op besmetting lytser meitsje kinne omdat der no gjin knutsjes aktyf binne dy't de sykte oerbringe. Knutten binne lytse stekmichjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)