3 moanne sel foar mishanneling

© Omrop Fryslân
By it gerjochtshôf yn Ljouwert is tiisdei yn heger berop trije moanne sel easke tsjin in 36-jierrige Ljouwerter yn ferbân mei mishanneling fan syn partner, fernielings en besykjen ta swiere mishanneling fan in plysjeman. De fertochte wie yn 2010 op de flecht slein foar de plysje en dêrby op it dak fan in wenning yn Akkrum krûpt. Dêrnei hat de man in dakpanne nei in plysjeman smiten.
In arrestaasjeteam moast deroan te pas komme om de man oan te hâlden. De eask dy't oplein is troch it hôf is gelyk oan dy fan de rjochtbank. Oer twa wike is de útspraak.