Roemeenske autodieven oppakt

10 jan 2012 - 10:28

Op de grutte dyk by Dronryp binne moandei trije Roemenen oanhâlden fanwege it stellen fan in auto. Plysjes seagen de auto riden en it foel har op dat de bestjoerder de iene kear folle hurder ried as de oare kear.

Doe't se de auto oan de kant setten, seagen se dat de stjoerkolom fernield wie en dat der gjin kaai yn it kontakt siet. Dat wie reden om de trije fertochten oan te hâlden. De bestjoerder hie ek noch tefolle dronken.

Trefwurden: 
Roemenen autodief
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)