Botsing mei auto fan mem

10 jan 2012 - 10:05

In 25-jierrige man út Ljouwert hat moandei de auto fan syn mem stellen en dêrmei in oanriding feroarsake. De man hie middeis sûnder tastimming de auto fan syn mem út Bitgum meinaam, dy't dêrop oanjefte die. Tusken Bitgum en Marsum ried de man mei syn auto tsjin in lantearnepeal oan.

Sawol de peal as de auto rekken bot fernield. Plysjes ha de man de jûns oanhâlden yn Bitgum. Hy sei dat er ûnder ynfloed fan GHB yn de auto stapt wie.

Trefwurden: 
botsing Bitgum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)