Dief fan kollektebus oanholden

© Omrop Fryslân
Mei de oanhâlding fan in 52-jierrige man út Makkum is de stellerij fan in kollektebus oplost. De man hie yn septimber ferline jier út in winkel oan de Stasjonswei yn Ljouwert de kollektebus fan de stifting Doe een Wens stellen.
In befeiligingskamera hie dat registrearre en sa koe de man út Makkum oppakt wurde. Hy hat bekend en hat ek tasein dat er it bedrach dat yn de kollektebus siet op de rekken fan Doe een Wens stoarte sil.