Doarpshûs: betelje oer jefte

09 jan 2012 - 17:11

It doarpshûs yn Marsum kriget gjin belestingfoardiel oer de skinking dy't se krigen hawwe. De Hege Ried hat dêr definityf in beslút oer naam. Yn 2005 krige it doarp in erfenis fan de susters Postma. De iene helte wie foar de tsjerke, de oare helte foar it doarpshûs Nij Franjum. Mar it doarpshûs moast mear as de helte weromstoarte oan de belestingtsjinst, de tsjerke neat.

It bestjoer fan Nij Franjum wie it der net mei iens en stapte nei de rjochter. De lange juridyske striid einige by de Hege Ried. Dy joech it doarpshûs ûngelyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)