Skippers kinne wer los

09 jan 2012 - 12:17

Binnenfeartskippers binne moandeitemoarn om seis oere wer oan it wurk gien. Doe waard it foarferbod yn de provinsje opheft. Fjouwer dagen lang mochten der gjin skippen farre yn ferbân mei it hege wetter. De golfslach soe it risiko op in dyktrochbraak grutter meitsje.

Mei elkoar hawwe der de ôfrûne fjouwer dagen sa'n fyftich skippen stillein yn de provinsje. Dat is in grutte strop foar de skippers.

Trefwurden: 
farferbod binnenfeart
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)