Ljouwerter bedriget en stelt

09 jan 2012 - 12:03

De plysje hat sneintenacht in Ljouwerter (22) oanhâlden foar bedriging en stellerij. In frou (22) út Ljouwert ried tegearre mei har freon achterop in brommer troch de Vuurdoornstrjitte. Ynienen stapte de man de dyk op. De frou koe him net mear ûntwike en botste boppe op him. De man waard lulk en bedrige de twa mei in mes. Dêrnei stapte er op har brommer en naaide út. Eefkes botste de man op in lampepeal.

De plysje koe de Ljouwerter oanhâlde. Omdat er net meiwurkje woe oan in azemanalyze, is syn rydbewiis ynnaam. Hy is fêstset op it plysjeburo.

Trefwurden: 
bedriging
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)