Hieren winkels Harns te heech

09 jan 2012 - 11:45

De Harlinger Ondernemers Vereniging wol mei ferhierders fan winkelgebouwen yn de stêd om tafel om te praten oer de hierprizen. De HOV hopet dat de ferhierders de prizen ferleegje om dêrmei foar te kommen dat der ûndernimmers fuortgean. Op dit stuit stean der yn de Foarstrjitte yn Harns al in tweintich winkels leech.

Boargemaster Scheffer fan Harns rôp de ferhierders yn syn nijjierstaspraak ek al op om de hierprizen tydlik te ferleegjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)