Nij P en R-terrein by Ljouwert

09 jan 2012 - 11:39

By de ôfrit Himriksein fan de Wâldwei by Ljouwert is moandei in Park and Ride-terrein iepene. Dêr kinne minsken de auto delsette en dan de bus pakke. De gemeente Ljouwert en de provinsje tinke mei it P en R-terrein de files om de stêd hinne te bestriden. Mei de bus binne forinzen fan dat plak ôf sawat 10 minuten rapper yn de binnenstêd as mei de auto. De bus rydt oer in spesjale busbaan en hy kin ferkearljochten op grien springe litte.

Tsien grutte wurkjouwers yn de binnenstêd fan Ljouwert wurkje mei oan it P en R-terrein. Sy stimulearje it personiel de bus te nimmen.

Trefwurden: 
bus file P en R
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)