Seis frachtauto's iepenbrutsen

09 jan 2012 - 11:17

Op in terrein fan in transportbedriuw oan de Lands Welvaren yn Holwert binne yn de nacht fan snein op moandei ôfrûne nacht seis frachtauto's iepenbrutsen.

Ut twa frachtweinen is guod stellen, wêrûnder in navigaasjesysteem en in mobile tillefoan. In 57-jierrige ynwenner fan Hollum hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
ynbraak frachtauto
(advertinsje)