Untromming by Rykswettersteat

09 jan 2012 - 11:14

It gebou fan Rykswettersteat oan de Sudersingel yn Ljouwert hat moandeitemoarn koarte tiid ûntromme west. Om healwei tsienen hinne gie it brânalarm ôf. Meiwurkers rûkten in brânlucht en warskôgen de brânwacht. De wurknimmers moasten allegearre nei bûten ta.

De brânwacht hat it gebou troch west. Nei alle gedachten hat der koartsluting yn in meterkast west. Nei in kertier koe elkenein der wer yn.

Trefwurden: 
Rykswettersteat
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)