'Yn 'e Lijte better beskermje'

De eigener fan rekreaasjepark Yn'e Lijte yn Grou wol dat it wetterskip Fryslân gau aksje ûndernimt om wetteroerlêst yn de takomst foar te kommen. Sûnt 2004 freget er it wetterskip al om maatregels, om't de kanten net heech en net stevich genôch binne, wylst it wetterpeil fan de boezem omheechgien is. Troch de jierren hinne hat hy sels maatregels naam tsjin it wetter.
Ferline wike tongersdei moasten fêste bewenners en rekreanten fuort om't it park driigde ûnder te strûpen. It foel ta mei de oerlêst, mar de eigener sil it wetterskip dochs freegje de kaaien gau op te heegjen.
Dykgraaf Paul van Erkelens fan Wetterskip Fryslân wol graach gau om tafel om de problemen by Yn'e Lijte op te lossen. Neffens him koe it wetterskip der earder net alles oan dwaan om't der hûseigners binne dy't gjin hege dyk foar de doar hawwe wolle.