Auto botst op reklameboerd
In 37-jierrige Ljouwerter is sneintejûn op de Aldlansdyk yn syn wenplak mei de auto tsjin in reklameboerd opbotst. De man hie de opsteande râne njonken de wei rekke en hie dêrtroch syn auto net mear ûnder kontrôle. Hy kaam tsjin it reklamebuord ta stilstân.
De autobestjoerder en syn passazjiers binne út foarsoarch mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.