Geunstige start Epke yn Londen

09 jan 2012 - 10:20

Turner Epke Zonderland hat tiisdei in geunstige start op it Olympyske kwalifikaasjetoernoai. De Lemster mei begjinne op syn favorite tastellen brêge en rek. Dêr is er bot oer te sprekken, want op dy tastellen kin er in goede basis lizze foar de rest fan it toernoai.

Zonderland turnet yn Londen in mearkamp en moat by de bêste santjin einigje om him te pleatsen foar de Olympyske Spelen. Hy giet foar in skoare fan minimaal 85 punten. Dat moat neffens him genôch wêze foar kwalifikaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)