Safarypark helpt seehûnekresj

09 jan 2012 - 10:04

De seehûne-opfang yn Pieterburen krijt ûnder oare help fan Beekse Bergen yn Brabân. It safarypark hat reagearre op in oprop foar frijwilligers. De seehûne-opfang sit troch de stoarm fol mei oanspielde seehûnen. Op dit stuit stean der ekstra tinten op it hiem om de 365 seehûnen op te fangen. Fjirtich frijwilligers binne dei en nacht dwaande mei it fersoargjen fan de bisten.

De seehûne-opfang sil dieretunen en oare biste-ynstellings ek rjochtstreeks benaderje foar frijwilligers. Dy krije kost en ynwenning fergees.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)