Wetterpeil woansdei normaal

09 jan 2012 - 07:48

It wetterpeil yn Fryslân sil woansdei wer syn normale peil berikke. Dat seit dykgraaf Paul van Erkelens. It wetterpeil is no -40 NAP. In stân fan -52 is normaal.

Fia de spuislûzen fan Dokkumer Nije Silen, Harns en Zoutkamp kin der wetter op de Waadsee loasd wurde. It Woudagemaal op 'e Lemmer bliuwt noch oant moandei fiif oere yn wurking. It Hooglandgemaal by Starum draait noch wat langer troch. It farferbod yn Fryslân is moandeitemoarn om seis oere ynlutsen. De skippers mochten net farre omdat de golfslach it risiko op in dyktrochbraak grutter meitsje soe. Der hawwe sa'n 50 skippen stillein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)